Kêst 31: Erfgenamt beneamd ta kening
- In beneamde Kening kin út krêft fan erfopfolging allinnich opfolge wurde troch syn wettige neikommelingen.
- De bepalingen oangeande de erfopfolging en it earste lid fan dit kêst binne fan gelikense tapassing op in beneamde opfolger, salang’t dy noch gjin Kening is.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Allinnich de legitime neikommelingen fan in beneamde kening of beneamde opfolger komme yn oanmerking foar de troanopfolging, dus net de broer of suster fan 'e beneamde kening of beneamde opfolger.