Artikel : Algemiene bepaling
De Grûnwet garandearret de grûnrjochten en de demokratyske rjochtssteat.
In andere talen:
Toelichting
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Yn in demokrasy regearret it folk, mar it folk kin net oer elke bestjoerlike hanneling of wet beslute. Dêrom hawwe de measte lannen, ynklusyf Nederlân, in represintative of yndirekte demokrasy. Dit hâldt yn dat it folk in oantal fertsjintwurdigers kiest dy't, út namme fan it folk, wetten meitsje en besluten nimme oangeande it bestjoer fan it lân.
In rjochtssteat is in steat wêryn frijheid, rjochtswissichheid en rjochtsgelikensens wichtich binne foar de boarger. Boppedat genietet de boarger beskerming fan syn rjochten en frijheden, sawol tsjin meiburgers as tsjin de oerheid. In boarger wit dan wêr't er stiet oangeande rjochten en ferplichtingen. In demokratyske rjochtssteat is dêrom in lân wêryn't de rjochtssteat op in demokratyske wize fêstige is.
Dizze algemiene bepaling, dy't yn 2022 foar artikel 1 oan de Grûnwet tafoege is, bepaalt no dat de Grûnwet de demokratyske rjochtssteat garandearje moat en de fûnemintele rjochten beskermje moat. Dit betsjut dat de wetjouwer by elke wiziging fan de Grûnwet ûndersykje moat oft de demokratyske rjochtssteat noch garandearre is en oft de fûnemintele rjochten beskerme bliuwe.