Haadstik 5: Wetjouwing en bestjoer
Haadstik 5 befettet twa paragrafen mei ferskillende ûnderwerpen. De earste paragraaf giet oer de proseduere fan wetjouwing, de twadde oer ferskate ûnderwerpen fan bestjoer.
Yn de earste acht kêsten — de kêsten 81 oant en mei 88 — fan de earste paragraaf wurde de haadsaken fan de proseduere foar it ta stân kommen fan wetten regele. De lêste kêst befettet inkele bepalingen oer algemiene maatregels fan bestjoer en oare troch it Ryk fêststelde algemien ferbinende foarskriften.
De twadde paragraaf fan it haadstik oer wetjouwing en bestjoer befettet kêsten oer ferskate ûnderwerpen, lykas it bûtenlânsk belied, de ferdigening en de begrutting.