Haadstik 4: Ried fan Steat, Algemiene Rekkenkeamer, Nasjonale Ombudsman en fêste kolleezjes fan advys
Inhoud
73: Taken fan 'e Ried fan Steat
- De Ried fan Steat of in ôfdieling fan ’e Ried wurdt heard oer wetsútstellen en ûntwerpen fan algemiene maatregels fan bestjoer, en ek oer útstellen ta goedkarring fan ferdraggen troch de Steaten-Generaal. Yn by de wet fêst te stellen gefallen kin dit hearren útbliuwe.
- De Ried of in ôfdieling fan ’e Ried is belêst mei it ûndersyk fan ’e skelen fan bestjoer dêr’t by keninklik beslút oer beslist wurdt en draacht de útspraak foar.
- De wet kin oan ’e Ried of in ôfdieling fan ’e Ried de útspraak yn skelen fan bestjoer opdrage.
74: Lidmaatskip fan 'e Ried fan Steat
- De Koning is foarsitter fan ’e Ried fan Steat. De fermoedlike opfolger fan ’e Kening hat nei it berikken fan ’e âldens fan achttjin jier fan rjochtswegen in sit yn ’e Ried. By of út krêft fan ’e wet kin oan oare leden fan it Keninklik Hûs in sit yn ’e Ried ferliend wurde.
- De leden fan ’e Ried wurde by keninklik beslút foar it libben beneamd.
- Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein.
- Yn ’e by de wet oanwiisde gefallen kinne hja troch de Ried tydlik út it amt setten of ûntslein wurde.
- De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.
75: Wetlike regeljouwing fan 'e Ried fan Steat
- De wet regelet de ynrjochting, de gearstalling en it foech fan ’e Ried fan Steat.
- By de wet kinne oan ’e Ried of in ôfdieling fan ’e Ried ek oare taken opdroegen wurde.
76: Taak fan 'e Rekkenkeamer
De Algemiene Rekkenkeamer is belêst mei it ûndersykjen fan ’e ynkomsten en útjeften fan it Ryk.
77: Lidmaatskip fan 'e Rekkenkeamer
- De leden fan ’e Algemiene Rekkenkeamer wurde by keninklik beslút foar it libben beneamd út in foardracht fan trije persoanen, opmakke troch de Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal.
- Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein.
- Yn ’e by de wet oanwiisde gefallen kinne hja troch de Hege Ried tydlik út it amt setten of ûntslein wurde.
- De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.
78: Wettelijke regeljouwing fan 'e Rekkenkeamer
- De wet regelet de ynrjochting, de gearstalling en it foech fan ’e Algemiene Rekkenkeamer.
- By de wet kinne oan ’e Algemiene Rekkenkeamer ek oare taken opdroegen wurde.
78a: Nasjonale Ombudsman
- De Nasjonale ombudsman docht op fersyk of út eigen beweging ûndersyk nei it hâlden en dragen fan bestjoersorganen fan it Ryk en fan oare by of út krêft fan ’e wet oanwiisde bestjoersorganen.
- De Nasjonale ombudsman en in substitút-ombudsman wurde foar in by de wet fêst te stellen termyn beneamd troch de Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal. Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein. Yn ’e by de wet oanwiisde gefallen kinne hja troch de Twadde Kamer fan ’e Steaten-Generaal tydlik út it amt setten of ûntslein wurde. De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.
- De wet regelet it foech en de wurkwize fan ’e Nasjonale ombudsman.
- By of út krêft fan ’e wet kinne oan de Nasjonale ombudsman ek oare taken opdroegen wurde.
79: Permaninte advysrieden
- Fêste kolleezjes fan advys yn saken fan wetjouwing en bestjoer fan it Ryk wurde ynsteld by of út krêft fan ’e wet.
- De wet regelet de ynrjochting, de gearstalling en it foech fan dy kolleezjes.
- By of út krêft fan ’e wet kinne oan dy kolleezjes ek oare as advisearjende taken opdroegen wurde.
80: Iepenbiering fan mieningen
- De advizen fan ’e kolleezjes dy't yn dit haadstik neamd binne, wurde iepenbier makke neffens de by de wet te stellen regels.
- Advizen, útbrocht oangeande wetsútstellen dy’t troch of fanwegen de Kening yntsjinne wurde, wurde, met behâld fan de by de wet te stellen útsûnderingen, oerlein oan ’e Steaten-Generaal.