Skip to main content


Haadstik 8: Wiziging fan de Grûnwet

De wize wêrop’t de Grûnwet wizige wurde kin, wurdt regele yn haadstik 8. De wichtichste bepalingen binne dat dit yn twa stappen barre moat en dat by de twadde stap in fersterke mearderheid nedich is.

Earst moatte de Twadde en de Earste Keamer in wet oannimme dy’t ferklearret dat in wiziging fan de Grûnwet yn oerweging nommen wurdt. Dêrnei wurdt de Twadde Keamer ûntbûn en wurde ferkiezingen hâlden.

Hjirnei beslute de Twadde en de Earste Keamer oer de eigentlike wiziging. De Grûnwet wurdt allinnich wizige as it foarstel mei twa tredde fan de stimmen oannommen is.

Ta beslút binne inkele kêsten wijd oan de bekrêftiging, ôfkundiging, it fan krêft wurden en de bekendmakking fan de wizige Grûnwet, en oan de oanpassing fan oare wetten oan de grûnwetswiziging.

Inhoud

137: Earste en twadde lêzing; splitsing fan foarstellen; ûntbining fan 'e Keamer

  1. De wet ferklearret dat in feroaring yn ’e Grûnwet, sa’t hja dy útstelt, yn oerwaging nommen wurde sil.
  2. De Twadde Keamer kin, al of net op in dêrta troch of fanwegen de Kening yntsjinne útstel, in útstel foar sa’n wet splitse.
  3. De Twadde Keamer dy’t keazen wurdt nei it bekend meitsjen fan ’e wet, bedoeld yn it earste lid, oerwaget yn twadde lêzing it útstel ta feroaring, bedoeld yn it earste lid. As dy Twadde Keamer gjin beslút nimt oer it útstel, ferfalt it fan rjochtswegen. Sadree’t hja it útstel oannommen hat, oerwaget de Earste Keamer dat yn twadde lêzing. De beide keamers kinne it útstel ta feroaring allinnich oannimme mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.
  4. De Twadde Keamer kin, al of net op in dêrta troch of fanwegen de Kening yntsjinne útstel, mei op syn minst twa tredde fan it oantal útbrochte stimmen in útstel ta feroaring splitse.

138: Wiziging fan net-feroare bepalingen

  1. Foardat de yn twadde lêzing oannommen útstellen ta feroaring yn ’e Grûnwet troch de Kening ratifisearre wurde, kinne by de wet:
    1. de oannommen útstellen en de ûnferoare bepalingen fan ’e Grûnwet foar safier nedich oan inoar oanpast wurde;
    2. de yndieling yn en it plak fan haadstikken, paragrafen en kêsten, en ek de opskriften, wizige wurde.
  2. In wetsútstel, hâldende foarsjenningen lykas bedoeld yn it earste lid ûnder a, kinne de keamers allinnich oannimme mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.

139: Publikaasje; ynwurking

De feroaringen yn ’e Grûnwet, troch de Steaten-Generaal oannommen en troch de Kening bekrêftige, trede fuortdaliks yn wurking neidat sy bekendmakke binne.

140: Hanthavenjen fan tsjinstridige regeljouwing

Besteande wetten en oare regelingen en besluten dy’t yn striid binne mei in feroaring yn ’e Grûnwet, bliuwe hanthavene oant dêrfoar neffens de Grûnwet in foarsjenning troffen is.

141: Publikaasje fan 'e tekst fan 'e herziene Grûnwet

De tekst fan ’e oanpaste Grûnwet wurdt by keninklik beslút bekendmakke, wêrby’t de haadstikken, paragrafen en kêsten oare nûmers krije kinne en ferwizings dêrneffens feroare wurde kinne.

142: Oanpassing fan 'e Grûnwet oan it Statút fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen

De Grûnwet kin by de wet mei it Statút foar it Keninkryk fan ’e Nederlannen yn oerienstimming brocht wurde. De kêsten 139, 140 en 141 binne fan gelikense tapassing.