Haadstik 6: Rjochtspraak
Yn haadstik 6 fan de Grûnwet binne de haadlinen fan de taak en organisaasje fan de rjochtspraak fêstlein, en ek foldwaande garânsjes foar de beskerming fan de belangen fan de boargers.
Inhoud
112: Kompetinsje fan 'e rjochterlike macht; bestjoerlike jurisdiksje
- Oan ’e rjochterlike macht is opdroegen de berjochting fan skelen oer boargerlike rjochten en oer skuldfoarderingen.
- De wet kin de berjochting fan skelen dy’t net út boargerlike rjochtsbetrekkingen ûntstien binne, opdrage itsij oan ’e rjochterlike macht, itsij oan gerjochten dy’t net oan ’e rjochterlike macht tahearre. De wet regelet de wize fan behanneling en de gefolgen fan ’e beslissingen.
113: Strafrjocht; dissiplinêr rjocht; finzenisstraf; proses bûten Nederlân; oarlochsstrafrjocht
- Oan ’e rjochterlike macht is fierders de berjochting fan strafbere feiten opdroegen.
- Tuchtrjochtspraak ynsteld troch de oerheid wurdt by de wet regele.
- In straf fan frijheidsûntnimming kin allinnich mar troch de rjochterlike macht oplein wurde.
- Foar berjochting bûten Nederlân en foar it oarlochsstrafrjocht kin de wet ôfwikende regels stelle.
114: Deastraf
De deastraf kin net oplein wurde.
115: Bestjoerlik berop
Oangeande de yn kêst 112, twadde lid, neamde skelen kin administratyf berop iepensteld wurde.
116: Rjochterlike macht; beneaming; tafersjoch
- De wet wiist de gerjochten oan dy’t hearre ta de rjochterlike macht.
- De wet regelet de ynrjochting, de gearstalling en it foech fan ’e rjochterlike macht.
- De wet kin bepale dat oan rjochtspraak troch de rjochterlike macht mei dielnommen wurdt troch persoanen dy’t net oan de rjochterlike macht tahearre.
- De wet regelet it tafersjoch troch leden fan ’e rjochterlike macht mei rjochtspraak belêst út te oefenjen op amtsferfolling troch sokke leden en troch de persoanen bedoeld yn it foarige lid.
117: Leden fan 'e rjochterlike macht; ûnôfhinklikens; ûntslach
- De leden fan ’e rjochterlike macht mei rjochtspraak belêst en de prokureur-generaal by de Hege Ried wurde by keninklik beslút foar it libben beneamd.
- Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein.
- Yn de by de wet bepaalde gefallen kinne hja troch in by de wet oanwiisd, oan de rjochterlike macht tahearrend gerjocht tydlik út it amt setten of ûntslein wurde.
- De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.
118: Heechgerjochtshôf; kassaasje
- De leden fan ’e Hege Ried fan ’e Nederlannen wurde beneamd út in foardracht fan trije persoanen, opmakke troch de Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal.
- De Hege Ried is yn ’e gefallen en binnen de grinzen by de wet bepaald, belêst mei de kassaasje fan rjochterlike útspraken fanwegen it skeinen fan it rjocht.
- By de wet kinne oan ’e Hege Ried ek oare taken opdroegen wurde.
119: Offisjeel wangedrach
De leden fan ’e Steaten-Generaal, de ministers en de steatssekretarissen steane fanwegen amtsmisdriuwen yn dy betrekkingen dien, ek nei harren ôftreden terjochte foar de Hege Ried. De opdracht ta ferfolging wurdt jûn by keninklik beslút of by in beslút fan ’e Twadde Keamer.
120: Grûnwetlike resinsje
De rjochter giet net oer ta de beoardieling fan ’e grûnwettichheid fan wetten en ferdraggen.
121: Iepenbiere aard fan 'e harksitting; redenearring fan útspraken
Mei útsûndering fan ’e by de wet bepaalde gefallen fine de rjochtsittingen yn it iepenbier plak en hâlde de fûnissen de grûnen yn dêr’t hja op stuolje. De útspraak bart yn it iepenbier.
122: Pardon, amnesty
- Graasje wurdt ferliend by keninklik beslút nei advys fan in by de wet oanwiisd gerjocht en mei achtslaan fan by of út krêft fan ’e wet te stellen foarskriften.
- Amnesty wurdt by of út krêft fan ’e wet ferliend.