Skip to main content


Haadstik 7: Desintrale oerheden

Haadstik 7 befettet de bepalingen oer de provinsjes, gemeenten, iepenbiere lichems en wetterskippen. It grutste part fan de bepalingen yn dit haadstik giet oer de provinsjes en de gemeenten. By de grûnwetswiziging fan 2017 binne hjir ek de Karibyske iepenbiere lichems oan tafoege. Yn de tekst fan de Grûnwet leit fêst dat Nederlân in desintralisearre ienheidssteat is. Oan de iene kant hawwe provinsjes en gemeenten in algemien foech ta regeling en bestjoer, dat allinnich by of krêftens de wet beheind wurde kin. Oan de oare kant binne se ferplichte om mei te wurkjen oan de útfiering fan troch heger gesach fêststelde regels en kinne se by of krêftens de wet ûnder tafersjoch steld wurde.

Inhoud

123: Gebiet fan provinsjes en gemeenten

  1. By de wet kinne provinsjes en gemeenten opheft wurde en kinne nije ynsteld wurde.
  2. De wet regelet de wiziging fan provinsjale en gemeentlike grinzen.

124: Autonomy; mienskiplik bestjoer

  1. Foar provinsjes en gemeenten wurdt it foech ta regeling en bestjoer oangeande harren húshâlding oan harren bestjoeren oerlitten.
  2. Regeling en bestjoer kinne fan ’e bestjoeren fan provinsjes en gemeenten foardere wurde by of út krêft fan ’e wet.

125: Provinsjale en gemeentlike ynstânsjes

  1. Oan it haad fan ’e provinsje en de gemeente steane respektivelik provinsjale steaten of de gemeenteried. Harren gearkomsten binne iepenbier, mei behâld fan by de wet te regeljen útsûnderingen.
  2. Fan it bestjoer fan ’e provinsje meitsje ek diel út deputearre steaten en de kommissaris fan ’e Kening, fan it bestjoer fan ’e gemeente it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster.

126: Offisjele ynstruksjes fan 'e Kommissaris fan 'e Kening

By de wet kin bepaald wurde dat de kommissaris fan ’e Kening belêst wurdt mei de útfiering fan in troch it regear te jane amtsynstruksje.

127: Oannimmen fan regeljouwing

Provinsjale steaten en de gemeenteried stelle, mei behâld fan de by de wet of troch harren út krêft fan ’e wet te bepalen útsûnderingen, respektivelik de provinsjale of de gemeentlike feroarderingen fêst.

128: It jaan fan foegen oan oare ynstânsjes

Utsein yn de gefallen bedoeld yn kêst 123, kin de takenning fan foegen, lykas bedoeld yn kêst 124, earste lid, oan oare organen as dy neamd yn kêst 125 allinnich troch respektivelik provinsjale steaten of de gemeenteried barre.

129: Ferkiezing fan leden fan provinsjale en gemeenterieden; amtstermyn; ûnkompatibiliteiten; stimmen sûnder mandaat

  1. De leden fan provinsjale steaten en fan ’e gemeenteried wurde streekrjocht keazen troch de Nederlanners, dy’t ek ynwenners binne fan respektivelik de provinsje of de gemeente, dy’t foldogge oan de easken dy’t jilde foar de ferkiezing fan ’e Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal. Foar it lidmaatskip jilde deselde easken.
  2. De leden wurde keazen op ’e grûnslach fan evenredige fertsjintwurdiging binnen troch de wet te stellen grinzen.
  3. De kêsten 53, twadde lid, en 59 binne fan tapassing. Kêst 57a is fan gelikense tapassing.
  4. De sittingsdoer fan provinsjale steaten en de gemeenteried is fjouwer jier, mei behâld fan de by de wet te bepalen útsûnderingen.
  5. De wet bepaalt hokker betrekkingen net tagelyk mei it lidmaatskip útoefene wurde kinne. De wet kin bepale dat út besibbens of houlik behinderingen foar it lidmaatskip folgje en dat it dwaan fan by de wet oanwiisde hannelingen ta it ferlies fan it lidmaatskip liede kin.
  6. De leden stimme sûnder lêst.

130: kiesrjocht foar bûtenlanners

De wet kin it rjocht om de leden fan ’e gemeenteried te kiezen en it rjocht lid te wêzen fan ’e gemeenteried takenne oan ynwenners dy’t gjin Nederlanner binne, mitsdat sy tenminsten foldogge oan de easken dy’t jilde foar ynwenners die ek Nederlanner binne.

131: Beneaming fan de Kommissaris fan 'e Kening en Boargemaster

De kommissaris fan ’e Kening en de boargemaster wurde oansteld, tydlik út it amt setten en ûntslein op in by de wet te bepalen wize. Ut krêft fan ’e wet kinne neiere regels steld wurde oer de dêrby te folgjen prosedueres.

132: Wettelijke regeljouwing foar provinsjes en gemeenten; tafersjoch; belestingen

  1. De wet regelet de ynrjochting fan provinsjes en gemeenten, en ek de gearstalling en it foech fan harren bestjoeren.
  2. De wet regelet it tafersjoch op dy bestjoeren.
  3. Besluten fan dy bestjoeren kinne allinnich mar oan foarôfgeand tafersjoch ûnderwurpen wurde yn by of út krêft fan ’e wet fêst te stellen gefallen.
  4. Ferneatiging fan besluten fan dy bestjoeren kin allinnich barre by keninklik beslút fanwegen striid mei it rjocht of it algemien belang.
  5. De wet regelet de foarsjenningen by benefter bliuwen oangeande regeling en bestjoer, foardere út krêft fan kêst 124, twadde lid. By de wet kinne yn ôfwiking fan ’e kêsten 125 en 127 foarsjenningen troffen wurde foar it gefal it bestjoer fan in provinsje of in gemeente syn taken groulik ferwaarloazget.
  6. De wet bepaalt hokker belestingen troch de bestjoeren fan provinsjes en gemeenten heft wurde kinne en regelet harren finansjele ferhâlding ta it Ryk.

132a: Karibyske iepenbiere ynstânsjes

  1. By de wet kinne yn it Karibyske part fan Nederlân oare territoriale iepenbiere lichems as provinsjes en gemeenten ynsteld en opheft wurde.
  2. De kêsten 124, 125 en 127 oant en mei 132 binne oangeande dy iepenbiere lichems fan gelikense tapassing.
  3. Yn dy iepenbiere lichems wurde ferkiezingen hâlden foar in kieskolleezje foar de Earste Keamer. Kêst 129 is fan gelikense tapassing.
  4. Foar dy iepenbiere lichems kinne regels steld wurde en oare spesifike maatregels troffen wurde mei it each op bysûndere omstannichheden wêrtroch’t dy iepenbiere lichems harren wêzentlik ûnderskiede fan it Europeeske part fan Nederlân.

133: Wetterboerden

  1. De opheffing en ynstelling fan wetterskippen, de regeling fan harren taken en ynrjochting, en ek de gearstalling fan harren bestjoeren, barre neffens by de wet te stellen regels by provinsjale feroardering, foarsafier’t by of út krêft fan ’e wet net oars bepaald is.
  2. De wet regelet de feroarderjende en oare foegen fan ’e bestjoeren fan ’e wetterskippen, en ek de iepenbierheid fan harren gearkomsten.
  3. De wet regelet it provinsjale en oare tafersjoch op dy bestjoeren. Ferneatiging fan besluten fan dy bestjoeren kin allinnich barre fanwegen striid mei it rjocht of it algemien belang.

134: Oare iepenbiere ynstânsjes

  1. By of út krêft fan ’e wet kinne iepenbiere lichems foar berop en bedriuw en oare iepenbiere lichems ynsteld en opheft wurde.
  2. De wet regelet de taken en ynrjochting fan dy iepenbiere lichems, de gearstalling en it foech fan harren bestjoeren, en ek de iepenbierheid fan harren gearkomsten. By of út krêft fan ’e wet kin oan harren bestjoeren it feroarderjend foech jûn wurde.
  3. De wet regelet it tafersjoch op dy bestjoeren. Ferneatiging fan besluten fan dy bestjoeren kin allinnich barre fanwegen striid mei it rjocht of it algemien belang.

135: Mienskiplike regelingen

De wet jout regels foar foarsjenning yn saken dêr’t twa of mear iepenbiere lichems by belutsen binne. Dêrby kin yn ’e ynstelling fan in nij iepenbier lichem foarsjoen wurde, yn hokker gefal kêst 134, twadde en tredde lid, fan tapassing is.

136: Skeeloplossing foar iepenbiere ynstânsjes

De skelen tusken iepenbiere lichems wurde by keninklik beslút beslist, of it moat wêze dat it in saak is foar de rjochterlike macht of it nimmen fan besluten yn dy saken by de wet oan oaren opdroegen is.