Skip to main content


Artikel 117: Leden fan 'e rjochterlike macht; ûnôfhinklikens; ûntslach

Artikel 117
  1. De leden fan ’e rjochterlike macht mei rjochtspraak belêst en de prokureur-generaal by de Hege Ried wurde by keninklik beslút foar it libben beneamd.
  2. Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein.
  3. Yn de by de wet bepaalde gefallen kinne hja troch in by de wet oanwiisd, oan de rjochterlike macht tahearrend gerjocht tydlik út it amt setten of ûntslein wurde.
  4. De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.

In andere talen:

English

  1. Members of the judiciary responsible for the administration of justice and the Procurator General at the Supreme Court shall be appointed for life by Royal Decree.
  2. Such persons shall cease to hold office on resignation or on attaining an age to be determined by Act of Parliament.
  3. In cases laid down by Act of Parliament such persons may be suspended or dismissed by a court that is part of the judiciary and designated by Act of Parliament.
  4. Their legal status shall in other respects be regulated by Act of Parliament.

Français

  1. Les membres du pouvoir judiciaire chargés d'administrer la justice et le procureur général près la Cour suprême sont nommés à vie par décret royal.
  2. Il est mis fin à leurs fonctions sur leur demande et lorsqu'ils atteignent un âge à fixer par la loi.
  3. Ils peuvent, dans les cas prévus par la loi, être suspendus ou destitués par une juridiction désignée par la loi et faisant partie du pouvoir judiciaire.
  4. Leur statut est réglé pour le surplus par la loi.

Deutsch

  1. Die mit der Rechtsprechung betrauten Mitglieder der richterlichen Gewalt und der Generalstaatsanwalt beim Hohen Rat werden durch königlichen Erlass auf Lebenszeit ernannt.
  2. Sie werden auf eigenen Wunsch oder bei Erreichen der gesetzlichen Altersgrenze entlassen.
  3. In den durch Gesetz vorgeschriebenen Fällen können sie von einem durch Gesetz bezeichneten, zur richterlichen Gewalt gehörenden Gericht suspendiert oder entlassen werden.
  4. Ihre Rechtsstellung ist im Übrigen durch Gesetz geregelt.

Español

  1. Los miembros del poder judicial encargados de la administración de justicia y el Fiscal General del Tribunal Supremo son nombrados de por vida por real decreto.
  2. Cesarán en sus funciones a petición propia o al cumplir la edad que la ley establezca.
  3. En los casos previstos por la ley podrán ser suspendidos o separados por un órgano jurisdiccional que pertenezca al poder judicial y que será designado por la ley.
  4. La ley regulará los demás aspectos de su estatuto.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Rjochters binne ûnôfhinklik om't se foar it libben beneamd binne en allinich ûntslein wurde kinne

  • op eigen fersyk, of
  • by it berikken fan in bepaalde leeftyd, of
  • yn spesjale gefallen dy't yn 'e wet fêstlein binne, troch in by wet oanwiisde rjochtbank.

Dit artikel garandearret de ûnôfhinklikens fan 'e rjochter.

De wet regelet fierder de rjochten en plichten fan rjochters.