Skip to main content


Kêst 33: Minimumleeftyd foar it útoefenjen fan keninklik gesach

Kêst 33

De Kening oefenet it keninklik gesach earst út nei’t er de âldens fan achttjin jier berikt hat.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

In troanopfolger kin kening wurde foar de leeftyd fan achttjin, mar yn dat gefal mei er noch gjin keninklik gesach útoefenje. Dit betsjut dat er gjin wetten ûndertekenje kin en bygelyks gjin ynformateurs beneame kin by in kabinetsfoarming. Dat alles wurdt dan dien troch in 'regint', dy't beneamd wurdt neffens artikel 37.