Gean nei de haadynhâld


Kêst 78: Wetlike regeljouwing fan de Algemiene Rekkenkeamer

Kêst 78
  1. De wet regelet de ynrjochting, de gearstalling en it foech fan ’e Algemiene Rekkenkeamer.
  2. By de wet kinne oan ’e Algemiene Rekkenkeamer ek oare taken opdroegen wurde.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De Comptabiliteitswet 2016 regelet de organisaasje en foegen fan 'e Nederlânske Rekkenkeamer.