Skip to main content


Artikel 78a: Nasjonale Ombudsman

Artikel 78a
  1. De Nasjonale ombudsman docht op fersyk of út eigen beweging ûndersyk nei it hâlden en dragen fan bestjoersorganen fan it Ryk en fan oare by of út krêft fan ’e wet oanwiisde bestjoersorganen.
  2. De Nasjonale ombudsman en in substitút-ombudsman wurde foar in by de wet fêst te stellen termyn beneamd troch de Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal. Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein. Yn ’e by de wet oanwiisde gefallen kinne hja troch de Twadde Kamer fan ’e Steaten-Generaal tydlik út it amt setten of ûntslein wurde. De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.
  3. De wet regelet it foech en de wurkwize fan ’e Nasjonale ombudsman.
  4. By of út krêft fan ’e wet kinne oan de Nasjonale ombudsman ek oare taken opdroegen wurde.

In andere talen:

English

  1. The National Ombudsman shall investigate, on request or of his own accord, actions taken by administrative authorities of the State and other administrative authorities designated by or pursuant to Act of Parliament.
  2. The National Ombudsman and a Deputy Ombudsman shall be appointed by the Lower House of the States General for a period to be determined by Act of Parliament. They may resign or retire on attaining an age to be determined by Act of Parliament. They may be suspended or dismissed by the Lower House of the States General in instances specified by Act of Parliament. Their legal status shall in other respects be regulated by Act of Parliament.
  3. The powers and methods of the National Ombudsman shall be regulated by Act of Parliament.
  4. Additional duties may be assigned to the National Ombudsman by or pursuant to Act of Parliament.

Français

  1. Le Médiateur national procède, sur demande ou de son propre chef, à une enquête sur les agissements des organes administratifs du Royaume et d'autres organes des pouvoirs publics désignés par la loi ou en vertu de la loi.
  2. Le Médiateur national et un substitut du Médiateur national sont nommés par la Seconde Chambre des États généraux pour une période à fixer par la loi. Il est mis fin à leurs fonctions sur leur demande et lorsqu'ils atteignent un âge à fixer par la loi. Ils peuvent être suspendus ou destitués par la Seconde Chambre des États généraux dans les cas spécifiés par la loi. Leur statut est réglé pour le surplus par la loi.
  3. La loi règle la compétence et le fonctionnement du Médiateur national.
  4. Des tâches additionnelles peuvent être conférées par la loi ou en vertu de la loi au Médiateur national.

Deutsch

  1. Der Nationale Ombudsmann untersucht auf Antrag oder aus eigener Initiative die Handlungen von Verwaltungsorganen des Reichs und die Handlungen anderer durch Gesetz oder kraft Gesetzes bezeichneter Verwaltungsorgane.
  2. Der Nationale Ombudsmann und ein stellvertretender Ombudsmann werden für eine durch Gesetz festzusetzende Frist von der Zweiten Kammer der Generalstaaten ernannt. Sie werden auf eigenen Wunsch oder bei Erreichen einer durch Gesetz festzulegenden Altersgrenze entlassen. In den durch Gesetz bezeichneten Fällen können sie von der Zweiten Kammer der Generalstaaten suspendiert oder entlassen werden. Ihre Rechtsstellung ist im Übrigen durch Gesetz geregelt.
  3. Das Gesetz regelt die Zuständigkeit und Arbeitsweise des Nationalen Ombudsmanns.
  4. Durch Gesetz oder kraft Gesetzes können dem Nationalen Ombudsmann auch andere Aufgaben übertragen werden.

Español

  1. El Defensor del Pueblo podrá investigar, de oficio o a instancia de parte, el comportamiento de los órganos del Estado y de otro tipo de órganos administrativos designados por o en virtud de la ley.
  2. El Defensor del Pueblo y un suplente del Defensor del Pueblo serán nombrados por la Segunda Cámara de los Estados Generales, para un plazo a determinar por ley. Cesarán en sus funciones a petición propìa o al cumplir la edad que la ley establezca. En los casos previstos por la ley podrán ser suspendidos o separados por la Segunda Cámara de los Estados Generales. La ley regulará los demás aspectos de su estatuto.
  3. La ley regulará las competencias y la forma de trabajo del Defensor del Pueblo.
  4. Por o en virtud de la ley se podrán encomendar otras tareas al Defensor del Pueblo.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Yn 1999 waard de Nasjonale Ombudsman opnommen yn 'e Grûnwet. Oant dy tiid waard de Nasjonale Ombudsman, dy't op 1 jannewaris 1982 mei syn taken begûn, net eksplisyt neamd yn 'e Grûnwet.

De Nasjonale Ombudsman ûndersiket, op fersyk fan of op eigen inisjatyf, it gedrach fan 'e sintrale oerheid en fan oare bestjoersorganen dy't by of neffens de Wet oanwiisd binne. De Wet kin ek oare taken oan 'e Ombudsman tawize.

De Nasjonale Ombudsman en in plakferfangend Ombudsman wurde beneamd troch de Twadde Keamer. Allinnich de Twadde Keamer kin har yn 'e folgjende gefallen ûntslaan:

  • op eigen fersyk
  • by it berikken fan 'e yn 'e Wet oanjûne leeftyd (70 jier, artikel 3 fan 'e Wet op 'e Nasjonale Ombudsman)
  • yn spesjale gefallen dy't yn 'e Wet oanjûn binne (artikel 3 fan 'e Wet op 'e Nasjonale Ombudsman)

De Twadde Keamer kin de Nasjonale Ombudsman en in plakferfangend Ombudsman ek skorse om 'e redenen dy't neamd binne yn artikel 4 fan 'e Wet op 'e Nasjonale Ombudsman. Dizze wet befettet ek bepalingen oangeande de juridyske status fan 'e Nasjonale Ombudsman en in plakferfangend Ombudsman, en regelet harren foegen en wurkwizen.