Artikel 59: Wetlike regeling fan it rjocht om te stimmen, ferkiezings
Artikel 59
Alles wat fierder it kiesrjocht en de ferkiezingen oanbelanget, wurdt by wet regele.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
It rjocht om te stimmen en ferkiezings binne allinnich yn brede termen regele yn 'e Grûnwet. Fierder hat de wetjouwer dit regele yn 'e Kieswet.