Skip to main content


Artikel 71: Parlemintêre immuniteit

Artikel 71

De leden fan ’e Steaten-Generaal, de ministers, de steatssekretarissen en oare persoanen dy’t dielnimme oan it beried, kinne net yn rjochte ferfolge of oansprutsen wurde foar wat hja yn ’e gearkomsten fan ’e Steaten-Generaal of fan kommisjes dêrút sein hawwe of dêroan skriftlik oerlein hawwe.

In andere talen:

English

Members of the States General, Ministers, State Secretaries and other persons taking part in deliberations may not be prosecuted or otherwise held liable in law for anything they say during the sittings of the States General or of its committees or for anything they submit to them in writing.

Français

Les membres des États généraux, les ministres, les secrétaires d'État et les autres personnes qui participent aux délibérations ne peuvent être poursuivis ni attaqués en justice pour ce qu'ils ont dit lors de séances des États généraux ou des commissions parlementaires, ou pour ce qu'ils leur ont communiqué par écrit.

Deutsch

Die Mitglieder der Generalstaaten, die Minister, die Staatssekretäre und andere Personen, die an den Beratungen teilnehmen, können für das, was sie in den Sitzungen der Generalstaaten oder der Parlamentsausschüsse gesagt haben oder diesen schriftlich vorgelegt haben, nicht rechtlich belangt oder haftbar gemacht werden.

Español

Contra los miembros de los Estados Generales, los Ministros, los Secretarios de Estado y otras personas que participen en la deliberación, no se podrá proceder judicialmente o entablar reclamación por lo que hayan dicho o hayan presentado por escrito en las sesiones de los Estados Generales o sus comisiones.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Parlemintsleden, ministers en steatssekretarissen kinne net strafrjochtlik ferfolge wurde en binne net boargerlik oanspraaklik foar wat se yn 'e Keamer sein hawwe of skriftlik oan 'e Keamer meidield hawwe.

Dizze 'ymmuniteit' jildt sawol foar plenaire as kommisjegearkomsten, mar jildt net as de gearkomste sluten is. Yn 1939 waard it Roomsk-Katolike Parlemintslid Ruyter ferfolge om't hy, nei it sluten fan in (tumulteuze) parlemintsgearkomste, it NSB-lid Rost van Tonningen in ferrieder neamd hie.