Paragraaf 2: Wurkwize
Inhoud
65: Troanrede; Prinsedei
Alle jierren op de tredde tiisdei fan septimber of op in by de wet te bepalen earder tiidstip wurdt troch of út namme fan ’e Kening yn in mienskiplike gearkomste fan ’e Steaten-Generaal in beljochting fan it troch it regear te fieren belied jûn.
66: Iepenbiere tagong ta gearkomsten
- De gearkomsten fan ’e Steaten-Generaal binne iepenbier.
- De doarren wurde sletten wannear’t in tsiende part fan it tal oanwêzige leden dit foarderet of de foarsitter dit as nedich oardielet.
- Troch de keamer, ûnderskiedlik de keamers yn in mienskiplike gearkomste, wurdt dêrnei beslist oft mei sletten doarren rieplachte en besletten wurde sil.
67: Kworum; stimmen
- De keamers meie elk ôfsûnderlik en yn in mienskiplike gearkomste earst rieplachtsje of beslute as mear as de helte fan it tal leden mei in sit op in gearkomste oanwêzich is.
- Besluten wurde nommen by mearderheid fan stimmen.
- De leden stimme sûnder lêst.
- Oer saken wurdt mûnling en by haadlike opropping stimd wannear’t ien lid dat wol.
68: Plicht fan ministers en steatssekretarissen om ynformaasje te jaan; ynterpellaasje
De ministers en de steatssekretarissen jouwe de keamers elk ôfsûnderlik en yn in mienskiplike gearkomste mûnling of skriftlik de troch ien of mear leden frege ynljochtingen as it jaan dêrfan net yn striid is mei it belang fan ’e steat.
69: Oanwêzigens fan ministers en steatssekretarissen
- De ministers en steatssekretarissen hawwe tagong ta de gearkomsten en kinne oan it beried meidwaan.
- Hja kinne troch de keamers elk ôfsûnderlik en yn in mienskiplike gearkomste útnûge wurde om de gearkomste by te wenjen.
- Hja kinne harren yn ’e gearkomsten bystean litte troch dy persoanen dy dêr troch harren ta oanwiisd binne.
70: Parlemintêr ûndersyk
Beide keamers hawwe, sawol elk ôfsûnderlik as yn in mienskiplike gearkomste, it rjocht fan ûndersyk (enkête), te regeljen by de wet.
71: Parlemintêre immuniteit
De leden fan ’e Steaten-Generaal, de ministers, de steatssekretarissen en oare persoanen dy’t dielnimme oan it beried, kinne net yn rjochte ferfolge of oansprutsen wurde foar wat hja yn ’e gearkomsten fan ’e Steaten-Generaal of fan kommisjes dêrút sein hawwe of dêroan skriftlik oerlein hawwe.
72: Regels fan Proseduere
De keamers stelle elk ôfsûnderlik en yn in mienskiplike gearkomste in reglemint fan oarder fêst.