Gean nei de haadynhâld


Kêst 125: Provinsjale en gemeentlike ynstânsjes

Kêst 125
  1. Oan it haad fan ’e provinsje en de gemeente steane respektivelik provinsjale steaten of de gemeenteried. Harren gearkomsten binne iepenbier, mei behâld fan by de wet te regeljen útsûnderingen.
  2. Fan it bestjoer fan ’e provinsje meitsje ek diel út deputearre steaten en de kommissaris fan ’e Kening, fan it bestjoer fan ’e gemeente it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Oan it haad fan de provinsje steane de Provinsjale Steaten. Oan it haad fan de gemeente stiet de gemeenteried. Harren gearkomsten binne iepenbier, útsein yn de gefallen dy’t de wet bepaalt.

Fan it bestjoer fan de provinsje meitsje ek Deputearre Steaten en de kommissaris fan de Kening diel út. Fan it bestjoer fan de gemeente meitsje ek it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster diel út.