Artikel 142: Oanpassing fan 'e Grûnwet oan it Statút fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen
Artikel 142
De Grûnwet kin by de wet mei it Statút foar it Keninkryk fan ’e Nederlannen yn oerienstimming brocht wurde. De kêsten 139, 140 en 141 binne fan gelikense tapassing.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
It lêste artikel fan 'e Grûnwet bepaalt dat de Grûnwet by wet yn oerienstimming brocht wurde kin mei it Statút foar it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Omdat de Grûnwet de bepalingen fan it Statút yn acht nimme moat, is de gewoane wetjouwingsproseduere foldwaande foar sa'n oanpassing. Dizze mooglikheid fan oanpassing is lykwols oant no ta nea brûkt.