Skip to main content


Kêst 21: Miljeu

Kêst 21

De soarch fan ’e oerheid is rjochte op de bewenberens fan it lân en de beskerming en ferbettering fan it leefmiljeu.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De oerheid moat soargje foar de bewenberens fan it lân. Dit omfettet ek soarch foar wetter, ferdigening fan it lân tsjin wetter, en de beskerming en ferbettering fan 'e wenomjouwing. Soarch foar de wenomjouwing ferwiist nei alle maatregels dy't, yn 'e breedste sin, as ûnderdiel fan miljeubeskerming beskôge wurde kinne.

Dizze soarchplicht is oerset yn wetten, lykas de Wet Miljeubehear, de Wet Bodembeskerming en de Wet Romtlike Oardering.