Skip to main content


Kêst 35: ûnfermogen om keninklik gesach út te oefenjen

Kêst 35
  1. Wannear’t de ministerried fan betinken is dat de Kening bûten steat is it keninklik gesach út te oefenjen, berjochtet er dat ûnder oerlizzing fan it dêrta frege advys fan ’e Ried fan Steat oan ’e Steaten-Generaal, dy’t dêrop yn in mienskiplike gearkomste gearkomme.
  2. Diele de Steaten-Generaal dit oardiel, dan ferklearje hja dat de Kening bûten steat is it keninklik gesach út te oefenjen. Dy ferklearring wurdt bekendmakke op lêst fan ’e foarsitter fan ’e gearkomste en wurdt fuortdaliks fan krêft.
  3. Sadree’t de Kening wer by steat is om it keninklik gesach út te oefenjen, wurdt dit by wet ferklearre. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel. Fuortdaliks nei it bekendmeitsjen fan dy wet ferfettet de Kening de útoefening fan it keninklik gesach.
  4. De wet regelet sa nedich it tafersjoch oer de persoan fan ’e Kening as er bûten steat ferklearre is om it keninklik gesach út te oefenjen. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

In Kening kin miskien net mear keninklik gesach útoefenje. Foarbylden binne lichaamlike of geastlike beheiningen, of as de Kening earne fêstige is dêr't keninklik gesach net útoefene wurde kin. De Ministerried kin dan de proseduere begjinne foar it ûnbekwaam ferklearjen fan de Kening:

  • De Ministerried freget advys oan de Ried fan Steat
  • De Ministerried stelt de Steaten-Generaal op 'e hichte en slút it advys fan 'e Ried fan Steat by
  • De Steaten-Generaal komme byinoar yn in mienskiplike sitting
  • en ferklearje dêrnei, mits se it iens binne mei de Ministerried, dat de Kening net by steat is om keninklik gesach út te oefenjen.

In Regent oefenet keninklik gesach út. Dit is regele yn Artikel 37.

As de Kening wer by steat is om keninklik gesach út te oefenjen, moat dit ferklearre wurde yn in wet dy't behannele wurdt yn in mienskiplike sitting. It rjocht fan inisjatyf is fan tapassing, sadat de Steaten-Generaal it keninklik gesach weromjaan kinne oan de Kening sûnder belutsenens fan de Ministerried. De Kening kin ek sels it inisjatyf nimme om tydlik it keninklik gesach op te jaan. Dit is regele yn Artikel 36.