Kêst 96: Oarlochsferklearring
- It Keninkryk wurdt earst yn steat fan oarloch ferklearre nei foarôfgeande tastimming fan ’e Steaten-Generaal.
- Dy tastimming is net nedich wannear’t it oerlis mei de Steaten-Generaal as gefolch fan in feitlik besteande oarlochstastân net mooglik west hat.
- De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute hjiroangeande yn in mienskiplike gearkomste.
- It bepaalde yn it earste en it tredde lid is fan gelikense tapassing foar in ferklearring dat in oarloch beëinige is.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De regearing mei it Keninkryk net yn steat fan oarloch ferklearje sûnder foarôfgeande tastimming fan de Steaten-Generaal. Prosedueres yn in mienskiplike gearkomste binne foarskreaun om te foarkommen dat ien Keamer foar de oarlochsferklearring stimt, wylst de oare dat net docht.
It ynternasjonaal rjocht ferbiedt in oanfalsoarloch. It Hânfêst fan de Feriene Naasjes lit ûnder betingsten yndividuele of kollektive selsferdigening ta. Dêrnjonken kin de FN-Feilichheidsried it brûken fan wapene geweld machtigje yn it ramt fan haadstik VII fan it Hânfêst.
De tastimming fan 'e Steaten-Generaal is net fereaske as oerlis mei de Steaten-Generaal net mooglik is fanwegen in oarloch dy't al oan 'e gong is. De eask fan foarôfgeande tastimming fan 'e mienskiplike gearkomste jildt ek foar de ferklearring dat in oarloch beëinige is.