Skip to main content


Paragraaf 2: Oare bepalingen

Inhoud

90: Ynternasjonale rjochtsoarder

It regear befoarderet de ûntwikkeling fan ’e ynternasjonale rjochtsoarder.

91: Goedkarring fan ferdraggen

  1. It Keninkryk wurdt net oan ferdraggen bûn en dy ferdraggen wurde net opsein sûnder foarôfgeande goedkarring fan ’e Steaten-Generaal. De wet bepaalt yn hokker gefallen gjin goedkarring fereaske is.
  2. De wet bepaalt hoe’t de goedkarring ferliend wurdt en kin foarsjen yn stilswijende goedkarring.
  3. As in ferdrach bepalingen befettet dy’t ôfwike fan ’e Grûnwet dan wol it ôfwiken dêrfan nedich meitsje, dan kinne de keamers de goedkarring earst jaan mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.

92: Befoegen fan ynternasjonale organisaasjes

Mei achtslaan, sa nedich, fan kêst 91, tredde lid, kinne by of út krêft fan ferdrach oan folkerjochtlike organisaasjes foegen ta wetjouwing, bestjoer en rjochtspraak opdroegen wurde.

93: Juridyske krêft fan ynternasjonale ferdraggen

Bepalingen van ferdraggen en fan besluten fan folkerjochtlike organisaasjes, dy’t nei harren ynhâld elk bine kinne, hawwe ferbinende krêft nei’t sy bekendmakke binne.

94: Foarrang fan 'e ynternasjonale rjochtsoarder boppe nasjonale wetjouwing

Binnen it Keninkryk jildende wetlike foarskriften fine gjin tapassing as dy tapassing net te ferienjen is mei in elk ferbinende bepalingen fan ferdraggen en fan besluten fan folkerjochtlike organisaasjes.

95: Publikaasje fan ferdraggen

De wet jout regels oangeande bekendmakking fan ferdraggen en besluten fan folkerjochtlike organisaasjes.

96: Oarlochsferklearring

  1. It Keninkryk wurdt earst yn steat fan oarloch ferklearre nei foarôfgeande tastimming fan ’e Steaten-Generaal.
  2. Dy tastimming is net nedich wannear’t it oerlis mei de Steaten-Generaal as gefolch fan in feitlik besteande oarlochstastân net mooglik west hat.
  3. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute hjiroangeande yn in mienskiplike gearkomste.
  4. It bepaalde yn it earste en it tredde lid is fan gelikense tapassing foar in ferklearring dat in oarloch beëinige is.

97: Wapene machten

  1. Foar de ferdigening en om ’e belangen fan it Keninkryk te beskermjen, en ek foar it hanthavenjen en it befoarderjen fan ’e ynternasjonale rjochtsoarder, is der in kriichsmacht.
  2. It regear hat it gesach oer de kriichsmacht.

98: Gearstalling fan 'e striidkrêften; militêre tsjinst

  1. De kriichsmacht bestiet út dyjingen dy’t frijwillich ûnder tsjinst geane en kin mei bestean út tsjinstplichtigen.
  2. De wet regelet de ferplichte militêre tsjinst en it foech om de opropping yn werklike tsjinst út te stellen.

99: Frijstelling fan militêre tsjinst fanwegen serieuze gewissebeswieren

De wet regelet frijstelling fan militêre tsjinst fanwegen slimme gewissebeswieren.

99a: Boargerlike ferdigening

Neffens by de wet te stellen regels kinne plichten oplein wurde foar de sivile ferdigening.

100: Underhâld of befoardering fan 'e ynternasjonale rjochtsoarder

  1. It regear jout de Steaten-Generaal foarôf ynljochtingen oer de ynset of it beskikber stellen fan ’e kriichsmacht om de ynternasjonale rjochtsoarder te hanthavenjen of te befoarderjen. Dêrûnder is begrepen it foarôf jaan fan ynljochtingen oer de ynset of it beskikber stellen fan ’e kriichsmacht foar humanitêre helpferliening yn gefal fan in wapene konflikt.
  2. It earste lid jildt net as twingende redenen it foarôf jaan fan ynljochtingen behinderje. Yn dat gefal wurde ynljochtingen sa gau mooglik jûn.

103: Needtastân; needwetten; strafrjocht fan oarloch

  1. De wet bepaalt yn hokker gefallen oft de út- of ynwindige feiligens by keninklik beslút in troch de wet as sadanich oan te wizen útsûnderingstastân ôfkundige wurde kin; hja regelet de gefolgen.
  2. Dêrby kin ôfwykt wurde fan ’e grûnwetsbepalingen oangeande de foegen fan ’e bestjoeren fan provinsjes, gemeenten, iepenbiere lichems lykas neamd yn kêst 132a en wetterskippen, fan ’e grûnrjochten dy’t regele binne yn de kêsten 6, foarsafier’t dat de útoefening bûten gebouwen en besletten plakken fan it yn dit kêst omskreaun rjocht oanbelanget, 7, 8, 9, 12, twadde en tredde lid, en 13, en ek yn kêst 113, earste en tredde lid.
  3. Fuortdaliks nei it ôfkundigjen fan in útsûnderingstastân en fierder salang’t dy net by keninklik beslút opheft is, elke kear wannear’t hja soks as nedich oardielje, beslisse de Steaten-Generaal oangeande it oanhâlden dêrfan; hja rieplachtsje en beslute hjiroangeande yn in mienskiplike gearkomste.

104: Belestingen

Belestingen fan it Ryk wurde heft út krêft fan in wet. Oare heffingen fan it Ryk wurde by wet regele.

105: Begrutting; budzjettautoriteit; boekhâlding; kompatibiliteit

  1. De begrutting fan ’e ynkomsten en de útjeften fan it Ryk wurdt by wet fêststeld.
  2. Alle jierren wurde útstellen fan algemiene begruttingswetten troch of fanwegen de Kening yntsjinne op it yn kêst 65 neamde tiidstip.
  3. De ferantwurding fan ’e ynkomsten en de útjeften fan it Ryk wurdt oan ’e Steaten-Generaal dien neffens de bepalingen fan ’e wet. De troch de Algemiene Rekkenkeamer goedkarde rekken wurdt oan de Steaten-Generaal oerlein.
  4. De wet stelt regels oangeande it behear fan ’e finânsjes fan it Ryk.

106: Monetêr systeem

De wet regelet it jildstelsel.

107: Kodifikaasje; bestjoersrjocht

  1. De wet regelet it boargerlik rjocht, it strafrjocht en it boargerlik en strafprosesrjocht yn algemiene wetboeken, mei behâld fan it foech ta regeling fan ferskate ûnderwerpen yn aparte wetten.
  2. De wet stelt algemiene regels fan bestjoersrjocht fêst.

109: Wet op amtners

De wet regelet de rjochtsposysje fan amtners. Hja stelt boppedat regels oangeande harren beskerming by it wurk en oangeande meisizzenskip.

110: Transparânsje yn 'e oerheid

De oerheid betrachtet iepenbierheid neffens by de wet te stellen regels by de útfiering fan syn taak.

111: Ridderlike oarders

Ridderoarders wurde by de wet ynsteld.