Skip to main content


Kêst 2: Nederlannerskip; frjemdlingen; útlevering; rjocht om it lân te ferlitten

Kêst 2
  1. De wet regelet wa’t Nederlanner is.
  2. De wet regelet it talitten en it útsetten fan frjemdlingen.
  3. Utlevering kin allinnich mar barre út krêft fan in ferdrach. Fierdere foarskriften oangeande útlevering wurde by de wet jûn.
  4. Elk hat it rjocht om it lân te ferlitten, útsein yn ’e by wet bepaalde gefallen.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De wet regelet wa't Nederlanner is. Yn de wet stiet ek hoe't de talitting en it útsetten fan frjemdlingen regele binne. Dy wetlike regelingen binne de Rijkswet op het Nederlanderschap en de Vreemdelingenwet 2000 en de dêrop basearre regeljouwing.

De útlevering fan frjemdlingen en Nederlanners oan oare lannen kin allinnich as Nederlân in ferdrach sletten hat mei it lân dêr't se oan útlevere wurde.

Elk hat it rjocht om it lân te ferlitten. Allinnich by de wet kinne dêr útsûnderingen op makke wurde. Dat bart benammen yn de Paspoortwet.