Artikel 26: Rjocht ûnberne bern fan 'e kening
Artikel 26
It bern, dêr’t in frou fan yn ferwachting is op it stuit fan it ferstjerren fan ’e Kening, wurdt foar de erfopfolging as al berne oanmurken. Komt it dea op ’e wrâld, dan wurdt it achte nea bestien te hawwen.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
In bern dat berne wurdt nei de dea fan 'e kening wurdt kening as it dat wurden wêze soe as it al berne wie op it momint fan 'e dea fan 'e kening. Mar as it bern deaberne is, hat it bern nea bestien wat de troanopfolging oanbelanget.