Kêst 40: Taslach foar leden fan it Keninklik Hûs; belestingfrijstelling
- De Kening kriget alle jierren foar rekken fan it Ryk útkearingen nei de by wet te stellen regels. De wet bepaalt oan hokker oare leden fan it keninklik hûs útkearingen foar rekken fan it Ryk takend wurde en regelet dy útkearingen.
- De troch harren ûntfangen útkearingen foar rekken fan it Ryk, en ek de fermogensbestândielen dy’t tsjinstber binne oan it útoefenjen fan harren funksje, binne frij fan persoanlike belestingen. Fierder is itjinge dat de Kening of syn fermoedlike opfolger út krêft fan erfrjocht of troch skinking krijt fan in lid fan it Keninklik Hûs frij fan suksesje-, oergongs- en skinkingsrjochten. Fierdere frijdom fan belestingen kin by wet ferliend wurde.
- De keamers fan ’e Steaten-Generaal kinne de yn ’e foarige lidden bedoelde wetsútstellen allinnich oannimme mei op syn minst twa tredde fan it oantal útbrochte stimmen.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
In wet stelt:
- it bedrach fan 'e fergoeding dy't de Kening krijt
- hokker oare leden fan it Keninklik Hûs in fergoeding krije
- en it bedrach fan dy fergoeding.
Se hoege gjin belesting te beteljen oer dizze fergoedingen. Leden fan it Keninklik Hûs genietsje ek yn oare opsichten belestingfoardielen. Dit is sa regele om't it lestich is om ûnderskied te meitsjen tusken partikuliere útjeften en útjeften dy't makke wurde by de útoefening fan 'e (takomstige) monargy.
De relevante wetjouwingsfoarstellen moatte mei in twatredde mearderheid oannaam wurde.