Kêst 5: Rjocht op fersyk
Elk hat it rjocht om fersiken skriftlik by it befoege gesach yn te tsjinjen.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Dit artikel stelt dat elkenien (ynklusyf groepen persoanen) it rjocht hat om skriftlik fersyk of klachten yn te tsjinjen by in relevante oerheidsynstânsje. Bygelyks in minister, de Twadde Keamer, in gemeenteried, in wetterskip, ensfh.