Artikel 65: Troanrede; Prinsedei
Artikel 65
Alle jierren op de tredde tiisdei fan septimber of op in by de wet te bepalen earder tiidstip wurdt troch of út namme fan ’e Kening yn in mienskiplike gearkomste fan ’e Steaten-Generaal in beljochting fan it troch it regear te fieren belied jûn.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Ien kear yn 't jier komt de Kening nei de Steaten-Generaal, yn mienskiplike sitting, om in skets te presintearjen fan it belied dat de regearing yn it kommende parlemintsjier sil fiere: de Troanrede.
De Troanrede wurdt hâlden op 'e tredde tiisdei fan septimber (Prinsjesdag). In eardere tiid kin ek by wet fêststeld wurde.
De Troanrede kin ek troch immen oars út namme fan 'e Kening hâlden wurde.