Skip to main content


Paragraaf 1: Wetten en oare foarskriften

Inhoud

81: Ynfiering fan wetten

De fêststelling fan wetten bart troch it regear en de Steaten-Generaal tegearre.

82: Yntsjinjen fan wetjouwingsfoarstellen; inisjatyf

  1. Wetsútstellen kinne yntsjinne wurde troch of fanwegen de Kening en troch de Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal.
  2. Wetsútstellen dêr’t behanneling troch de Steaten-Generaal yn in mienskiplike gearkomste foar foarskreaun is, kinne yntsjinne wurde troch of fanwegen de Kening en, foarsafier’t de oanbelangjende kêsten fan haadstik 2 dat talitte, troch de mienskiplike gearkomste.
  3. Wetsútstellen, yn te tsjinjen troch respektivelik de Twadde Keamer of de mienskiplike gearkomste, wurde troch ien of mear leden by har yn behanneling brocht.

83: Yntsjinjen fan wetjouwingsfoarstellen oan it Hûs fan Offurdigen of de Mienskiplike Sesje

Wetsútstellen, yntsjinne troch of fanwegen de Kening, wurde stjoerd oan de Twadde Keamer of, as dêrfoar behanneling troch de Steaten-Generaal yn in mienskiplike gearkomste foarskreaun is, oan dizze gearkomste.

84: Amendemint fan wetjouwingsfoarstellen; amendemint

  1. Salang’t in wetsútstel, yntsjinne troch of fanwegen de Kening, net troch respektivelik de Twadde Keamer of de mienskiplike gearkomste oannommen is, kin it troch harren, op útstel fan ien of mear leden, en fanwegen it regear wizige wurde.
  2. Salang’t in troch respektivelik de Twadde Keamer of de mienskiplike gearkomste yn te tsjinjen wetsútstel net oannommen is, kin it troch harren, op útstel fan ien of mear leden, en troch it lid of de leden dy’t it yn behanneling brocht hat of hawwe, wizige wurde.

85: Yntsjinjen fan wetjouwingsfoarstellen fan 'e Senaat

Sadree’t it wetsútstel troch de Twadde Keamer oannommen is of ta yntsjinjen fan in útstel besletten is, wurdt it oan de Earste Keamer stjoerd, dy’t it útstel oerwaget sa’t it troch de Twadde Keamer tastjoerd is. De Twadde Keamer kin ien of mear fan har leden opdrage in troch harren yntsjinne útstel yn ’e Earste Keamer te ferdigenjen.

86: Ynlûking fan rekken

  1. Salang’t in wetsútstel net troch de Steaten-Generaal oannommen is, kin it troch of fanwegen de yntsjinner ynlutsen wurde.
  2. Salang’t in troch respektivelik de Twadde Keamer of de mienskiplike gearkomste yn te tsjinjen wetsútstel net oannommen is, kin it troch it lid of de leden dy’t it yn behanneling brocht hat of hawwe, ylutsen wurde.

87: Ratifikaasje fan wetten

  1. In útstel wurdt wet sadree’t it troch de Steaten-Generaal oannommen is en troch de Kening bekrêftige is.
  2. De Kening en de Steaten-Generaal jouwe inoar kennis fan harren beslút oangeande in wetsútstel.

88: Publikaasje; ynwurking

De wet regelet it bekend meitsjen en it yngean fan ’e wetten. Wetten trede net yn wurking foardat sy bekendmakke binne.

89: Riedlike oarders; Algemien bindende regeljouwing

  1. Algemiene maatregels fan bestjoer wurde by keninklik beslút fêststeld.
  2. Foarskriften, troch straffen te hanthavenjen, wurde dêryn allinnich jûn út krêft fan ’e wet. De wet bepaalt de straffen dy’t oplein wurde.
  3. De wet regelet it bekend meitsjen en it yngean fan ’e algemiene maatregels fan bestjoer. Algemiene maatregels fan bestjoer trede net yn wurking foardat sy bekendmakke binne.
  4. It twadde en tredde lid binne fan gelikense tapassing op oare fanwegen it Ryk fêststelde algemien ferbinende foarskriften.