Artikel 121: Iepenbiere aard fan 'e harksitting; redenearring fan útspraken
Artikel 121
Mei útsûndering fan ’e by de wet bepaalde gefallen fine de rjochtsittingen yn it iepenbier plak en hâlde de fûnissen de grûnen yn dêr’t hja op stuolje. De útspraak bart yn it iepenbier.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Rjochtsittings binne iepenbier en tagonklik foar elkenien, útsein as de wet oars bepaalt. De rjochter sil de útslach fan 'e harksitting, it útspraak, altyd yn it iepenbier útsprekke. Dêrby moat hy ek útlizze wêrom en op hokker grûnen hy dy beslissing nommen hat.
Dit wurdt fierder regele yn 'e Wet op de Justysjele Organisaasje.