Kêst 28: Kening syn houlik
- De Kening, in houlik oangeande bûten by de wet ferliende tastimming, docht dêrtroch ôfstân fan it keningskip.
- Giet ien dy’t it keningskip fan ’e Kening beërvje kin in sadanich houlik oan, dan is er mei de út dit houlik berne bern en har neikommelingen fan ’e erfopfolging útsletten.
- De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande in wetsútstel mei as doel it ferlienen fan tastimming.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
In kening dy't sûnder tastimming fan 'e Steaten-Generaal trout, docht ôfstân fan 'e troan. Potinsjele troanopfolgers ferlieze ek har rjocht op 'e troan as se sûnder tastimming fan 'e Steaten-Generaal trouwe.
De tastimming fan 'e Steaten-Generaal wurdt by wet ferliend, mar de Twadde Keamer en de Senaat komme byinoar en beslute deroer yn in mienskiplike sitting. Dêrtroch wurdt in wetsfoarstel foar in 'tastimmingswet' net earst behannele yn 'e Twadde Keamer en dêrnei yn 'e Senaat.