Artikel 54: Ferkiezing foar de Twadde Keamer; útsluting fan stimrjocht
- De leden fan ’e Twadde Keamer wurde streekrjocht keazen troch de Nederlanners dy’t de âldens fan achttjin jier berikt hawwe, mei behâld fan ’e by de wet te bepalen útsûnderingen oangeande Nederlanners dy’t gjin ynwenners binne.
- Fan it kiesrjocht is útsletten dyjinge dy’t fanwegen it begean fan in dêrta by de wet oanwiisd delikt by definitive rjochterlike útspraak feroardiele is ta in frijheidsstraf fan op syn minst in jier en dêrby ek ûntset is út it kiesrjocht.
In andere talen:
English
- The members of the Lower House shall be elected directly by Dutch nationals who have attained the age of eighteen, with the exception of any Dutch nationals who may be excluded by Act of Parliament by virtue of the fact that they are not resident in the Netherlands.
- Anyone who has committed an offence designated by Act of Parliament and has been sentenced as a result by a final and conclusive judgment of a court of law to a custodial sentence of not less than one year and simultaneously disqualified from voting shall not be entitled to vote.
Français
- Les députés sont élus directement par les Néerlandais qui ont atteint l'âge de dix-huit ans, sauf exceptions à déterminer par la loi à l'égard des Néerlandais qui ne résident pas dans le pays.
- Est privé du droit de vote celui qui, pour avoir commis une infraction spécifiée à cet effet par la loi, a été, par une décision judiciaire irrévocable, condamné à une peine privative de liberté d'au moins un an et déchu en même temps du droit de vote.
Deutsch
- Die Mitglieder der Zweiten Kammer werden in unmittelbarer Wahl von den Niederländern gewählt, die das achtzehnte Lebensjahr vollendet haben, unbeschadet der durch Gesetz zu bestimmenden Ausnahmen in Bezug auf Niederländer, die keine Landesansässigen sind.
- Vom Wahlrecht ausgeschlossen ist, wer wegen einer durch Gesetz bezeichneten Straftat mit rechtskräftiger gerichtlicher Entscheidung zu einer Freiheitsstrafe von mindestens einem Jahr erurteilt worden ist und wem hierbei gleichzeitig das Wahlrecht aberkannt wurde;
Español
- Los miembros de la Segunda Cámara son elegidos directamente por los holandeses que hayan cumplido los dieciocho años de edad, salvo las excepciones que establezca la ley con respecto a holandeses que no sean residentes.
- Serán excluidos del derecho de sufragio aquellos que, por haber cometido un delito especificado a tal efecto por la ley, hayan sido condenados por sentencia firme, a una pena privativa de libertad de al menos un año, y al mismo tiempo hayan sido privados del derecho de sufragio.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Nederlânske boargers fan 18 jier of âlder kieze de leden fan 'e Twadde Keamer. Nederlânske boargers dy't net yn Nederlân wenje, hawwe yn prinsipe ek it rjocht om te stimmen, hoewol de wetjouwer hjir útsûnderingen op meitsje kin.
Allinnich yn útsûnderlike omstannichheden kin in rjochter immen dit fûnemintele demokratyske rjocht ûntnimme. As in rjochter immen feroardielt ta in finzenisstraf fan teminsten ien jier, kin hy it rjocht om te stimmen as ekstra straf ynlûke. De rjochter mei dit allinich dwaan foar bepaalde misdieden dy't by wet oanwiisd binne (lykas in oanfal op 'e Kening of in aksje dy't rjochte is op it omkeare fan 'e regearingsfoarm).