Skip to main content


Seksje 1: Struktuer en gearstalling

Inhoud

50: Fertsjintwurdigjend orgaan

De Steaten-Generaal fertsjintwurdigje it hiele Nederlânske folk.

51: Bikamersysteem

  1. De Steaten-Generaal besteane út ’e Twadde Keamer en de Earste Keamer.
  2. De Twadde Keamer bestiet út hûndertfyftich leden.
  3. De Earste Keamer bestiet út fiifensantich leden.
  4. By in mienskiplike gearkomste wurde de keamers as ien beskôge.

52: Amtstermyn fan 'e Earste en Twadde Keamer

  1. De sittingsdoer fan beide keamers is fjouwer jier.
  2. As foar de provinsjale steaten by de wet in oare sittingsdoer as fjouwer jier fêststeld wurdt, wurdt dêrby de sittingsdoer fan ’e Earste Keamer yn gelikense sin wizige.

53: evenredige fertsjintwurdiging; geheime stimming

  1. De leden fan beide keamers wurde keazen op ’e grûnslach fan evenredige fertsjintwurdiging binnen troch de wet te stellen grinzen.
  2. De ferkiezingen wurde hâlden by geheime stimming.

54: Ferkiezing foar de Twadde Keamer; útsluting fan stimrjocht

  1. De leden fan ’e Twadde Keamer wurde streekrjocht keazen troch de Nederlanners dy’t de âldens fan achttjin jier berikt hawwe, mei behâld fan ’e by de wet te bepalen útsûnderingen oangeande Nederlanners dy’t gjin ynwenners binne.
  2. Fan it kiesrjocht is útsletten dyjinge dy’t fanwegen it begean fan in dêrta by de wet oanwiisd delikt by definitive rjochterlike útspraak feroardiele is ta in frijheidsstraf fan op syn minst in jier en dêrby ek ûntset is út it kiesrjocht.

55: Senaatsferkiezing

  1. De leden fan ’e Earste Keamer wurde keazen troch de leden fan ’e Provinsjale Steaten en de leden fan ’e kieskolleezjes, bedoeld yn it twadde lid en kêst 132a, tredde lid. De ferkiezing wurdt, útsein yn gefal fan ûntbining fan ’e keamer, hâlden binnen trije moanne nei de ferkiezing fan ’e leden fan ’e provinsjale steaten.
  2. Foar Nederlanners dy’t gjin ynwenners binne en dy’t foldogge oan de easken dy’t jilde foar de ferkiezing fan ’e Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal, wurde ferkiezingen hâlden foar in kieskolleezje foar de Earste Keamer. De leden fan dit kieskolleezje wurde streekrjocht keazen troch dy Nederlanners. Foar it lidmaatskip jilde deselde easken. Kêst 129, twadde oant en mei sechsde lid, is fan gelikense tapassing.

56: Easken foar lidmaatskip fan 'e Steaten-Generaal

Om lid fan ’e Steaten-Generaal wêze te kinnen, is fereaske dat men Nederlanner is, de âldens fan achttjin jier berikt hat en net útsletten is fan it kiesrjocht.

57: Ynkompatibiliteiten fan leden fan it parlemint

  1. Gjinien kin lid fan beide keamers wêze.
  2. In lid fan ’e Steaten-Generaal kin net tagelyk minister, steatssekretaris, lid fan ’e Ried fan Steat, lid fan ’e Algemiene Rekkenkeamer, Nasjonale ombudsman of substitút-ombudsman, of lid fan of prokureur-generaal of advokaat-generaal by de Hege Ried wêze.
  3. Likegoed kin in minister of steatssekretaris, dy’t syn amt beskikber steld hat, dat amt ferienigje mei it lidmaatskip fan ’e Steaten-Generaal, oant oangeande dy beskikberstelling in beslút nommen is.
  4. De wet kin oangeande oare iepenbiere betrekkingen bepale dat dy net tagelyk mei it lidmaatskip fan ’e Steaten-Generaal of fan ien fan ’e keamers útoefene wurde kinne.

57a: Tydlike ferfanging fan in lid fan 'e Steaten-Generaal fanwegen swangerskip, befalling en sykte

De wet regelet de tydlike ferfanging fan in lid fan ’e Steaten-Generaal fanwegen swangerskip en befalling, en ek fanwegen sykte.

58: Referinsjes

Elke keamer ûndersiket de geloofsbrieven fan har nij beneamde leden en beslút mei achtslaan fan by de wet te stellen regels oer de skelen dy’t oangeande de geloofsbrieven of de ferkiezing sels ûntsteane.

59: Wetlike regeling fan it rjocht om te stimmen, ferkiezings

Alles wat fierder it kiesrjocht en de ferkiezingen oanbelanget, wurdt by wet regele.

60: Ynauguraasje fan leden fan it parlemint

Op de by wet foarskreaune wize lizze de leden fan ’e keamers by it akseptearjen fan harren amt yn ’e gearkomste in eed, dan wol ferklearring en ûnthjit, fan suvering ôf en swarren hja trou oan ’e Grûnwet en in trou ferfolling fan harren amt.

61: Sprekkerskip fan 'e Huzen, amtners

  1. Elk fan ’e keamers beneamt út ’e leden in foarsitter.
  2. Elk fan ’e keamers beneamt in griffier. Dy en de oare amtners fan ’e keamers kinne net tagelyk lid wêze fan ’e Steaten-Generaal.

62: Foarsitterskip fan 'e mienskiplike gearkomste

De foarsitter fan ’e Earste Keamer hat de lieding yn ’e mienskiplike gearkomste.

63: Finansjele bepalingen foar leden fan it parlemint

Jildlike foarsjenningen foar leden en eardere leden fan ’e Steaten-Generaal en fan harren neibesteanden wurde by wet regele. De keamers kinne in wetsútstel datoangeande earst oannimme mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.

64: ûntbining fan keamers

  1. Elk fan ’e keamers kin by keninklik beslút ûntbûn wurde.
  2. It beslút ta ûntbining hâldt ek de lêst yn ta in nije ferkiezing foar de ûntbûne keamer en ta it gearkommen fan ’e nij keazen keamer binnen trije moanne.
  3. De ûntbining giet yn op ’e dei dat de nij keazen keamer gearkomt.
  4. De wet stelt de sittingsdoer fan in nei ûntbining optredende Twadde Keamer fêst; dy termyn mei net langer wêze as fiif jier. De sittingsdoer fan in nei ûntbining optredende Earste Keamer einiget op it tiidstip dat de sittingsdoer fan ’e ûntbûne keamer einige wêze soe.